Afûk Al hast 100 jier set de Afûk him yn foar de Fryske taal en kultuer. Ek wurkje wy oan projekten en kampanjes dy't it Frysk promoatsje.

De Afûk hat in winkel en in útjouwerij, organisearret kursussen Frysk en makket ûnderwiismetoaden foar Frysk op skoallen. De doelen fan de Afûk binne: taalpromoasje, taaloerdracht en kultueroerdracht. En omdat dy net los faninoar steane, wolle wy de gearhing dertusken neistribje. Wy rjochtsje ús dêrby op de folsleine Fryske mienskip fan poppe oant âlderein. Wy wolle Fryslân ferbine mei de wrâld en de wrâld mei Fryslân.

🤩𝗗𝗶𝘇𝘇𝗲 𝘀𝘁𝗿â𝗻𝗹𝗷𝗶𝗽 𝗴𝗶𝗲𝘁 𝗴𝗿𝗮𝗮𝗰𝗵 𝗺𝗲𝗶 𝗱𝘆 𝗺𝗲𝗶 𝘁𝗲 𝘀𝘄𝗶𝗺𝗺𝗲𝗻 𝗼𝗳 𝗼𝗽 𝗳𝗮𝗸â𝗻𝘀𝗷𝗲!😎Wy hawwe noch in pear fan dizze fleurige simmerske st...
12/08/2026

🤩𝗗𝗶𝘇𝘇𝗲 𝘀𝘁𝗿â𝗻𝗹𝗷𝗶𝗽 𝗴𝗶𝗲𝘁 𝗴𝗿𝗮𝗮𝗰𝗵 𝗺𝗲𝗶 𝗱𝘆 𝗺𝗲𝗶 𝘁𝗲 𝘀𝘄𝗶𝗺𝗺𝗲𝗻 𝗼𝗳 𝗼𝗽 𝗳𝗮𝗸â𝗻𝘀𝗷𝗲!😎
Wy hawwe noch in pear fan dizze fleurige simmerske strânlekkens te keap! Mei dit moaie waar poer geskikt foar by it swimbad, op it strân, yn de túnstoel, of gewoan foar nei it dûsen..! 😅💦

🌞Allinne te keap by de Afûk!
In rojaal en fleurich strânlekken fan badstof mei de tekst: ‘Strânljip’. 🏖 Formaat: 140 x 70 sm.
https://websjop.afuk.frl/frl/winkel/strandlaken-stranljip/

It strânlekken heart by it projekt '𝘿𝙖𝙩 𝙞𝙨 𝙢𝙤𝙖𝙞 𝙁𝙧𝙮𝙨𝙠', fan it boekje mei deselde namme.❤ 𝘏𝘪𝘦𝘴𝘵𝘰 𝘥𝘦 𝘴𝘵𝘳â𝘯𝘭𝘫𝘪𝘱 𝘢𝘭 𝘴𝘱𝘰𝘵𝘵𝘦𝘯 𝘰𝘱 𝘥𝘦 𝘧𝘰𝘢𝘳𝘬𝘢𝘯𝘵 𝘧𝘢𝘯 𝘪𝘵 𝘣𝘰𝘦𝘬𝘫𝘦?

𝑾𝒐𝒍𝒔𝒕𝒐 (𝒃𝒆𝒕𝒕𝒆𝒓) 𝑭𝒓𝒚𝒔𝒌 𝒇𝒆𝒓𝒔𝒕𝒆𝒂𝒏, 𝒑𝒓𝒂𝒕𝒆𝒏 𝒐𝒇 𝒔𝒌𝒓𝒊𝒖𝒘𝒆𝒏 𝒍𝒆𝒂𝒓𝒆? 𝐌𝐞𝐥𝐝 𝐝𝐲 𝐝𝐚𝐧 𝐧𝐨 𝐨𝐚𝐧 𝐟𝐨𝐚𝐫 𝐢𝐧 𝐤𝐮𝐫𝐬𝐮𝐬 𝐛𝐲 𝐝𝐞 𝐀𝐟û𝐤!📆 Ein septimber s...
09/08/2026

𝑾𝒐𝒍𝒔𝒕𝒐 (𝒃𝒆𝒕𝒕𝒆𝒓) 𝑭𝒓𝒚𝒔𝒌 𝒇𝒆𝒓𝒔𝒕𝒆𝒂𝒏, 𝒑𝒓𝒂𝒕𝒆𝒏 𝒐𝒇 𝒔𝒌𝒓𝒊𝒖𝒘𝒆𝒏 𝒍𝒆𝒂𝒓𝒆? 𝐌𝐞𝐥𝐝 𝐝𝐲 𝐝𝐚𝐧 𝐧𝐨 𝐨𝐚𝐧 𝐟𝐨𝐚𝐫 𝐢𝐧 𝐤𝐮𝐫𝐬𝐮𝐬 𝐛𝐲 𝐝𝐞 𝐀𝐟û𝐤!
📆 Ein septimber sette wy wer útein mei de Fryske kursussen.
👉Op lokaasje, online of in selsstúdzje: der is altyd in kursus dy't by dy past!
💻Skriuw dy yn en ! 😊

Mear ynformaasje en opjaan fia www.kursus.afuk.frl.

❣𝐴𝑓û𝑘: 𝑎𝑙 ℎ𝑎𝑠𝑡 𝟷𝟶𝟶 𝑗𝑖𝑒𝑟 𝑖𝑛 𝑓𝑒𝑟𝑡𝑟𝑜𝑢𝑑 𝐹𝑟𝑦𝑠𝑘 𝑎𝑑𝑟𝑒𝑠!

🆕𝑵𝒊𝒋 𝒇𝒆𝒓𝒔𝒌𝒚𝒏𝒅 𝒃𝒚 𝑨𝒇û𝒌: ‘𝑽𝒊𝒗𝒂 𝑳𝒂 𝑽𝒊𝒔’ 𝒇𝒂𝒏 𝑬𝒑𝒑𝒊𝒆 𝑫𝒂𝒎 (𝟏𝟗𝟓𝟑-𝟐𝟎𝟐𝟔) 𝒎𝒆𝒊 𝒑𝒓𝒂𝒄𝒉𝒕𝒊𝒈𝒆 𝒚𝒍𝒍𝒖𝒔𝒕𝒓𝒂𝒂𝒔𝒋𝒆𝒔 𝒇𝒂𝒏 𝒀𝒌𝒆 𝑹𝒆𝒆𝒅𝒆𝒓.✍𝘍𝘪𝘴𝘬𝘨𝘦𝘥𝘪𝘤𝘩𝘵𝘦𝘯...
06/08/2026

🆕𝑵𝒊𝒋 𝒇𝒆𝒓𝒔𝒌𝒚𝒏𝒅 𝒃𝒚 𝑨𝒇û𝒌: ‘𝑽𝒊𝒗𝒂 𝑳𝒂 𝑽𝒊𝒔’ 𝒇𝒂𝒏 𝑬𝒑𝒑𝒊𝒆 𝑫𝒂𝒎 (𝟏𝟗𝟓𝟑-𝟐𝟎𝟐𝟔) 𝒎𝒆𝒊 𝒑𝒓𝒂𝒄𝒉𝒕𝒊𝒈𝒆 𝒚𝒍𝒍𝒖𝒔𝒕𝒓𝒂𝒂𝒔𝒋𝒆𝒔 𝒇𝒂𝒏 𝒀𝒌𝒆 𝑹𝒆𝒆𝒅𝒆𝒓.

✍𝘍𝘪𝘴𝘬𝘨𝘦𝘥𝘪𝘤𝘩𝘵𝘦𝘯 𝘺𝘯 𝘴𝘰𝘢𝘳𝘵𝘦𝘯, 𝘮𝘢𝘵𝘦𝘯 𝘦𝘯 𝘮𝘰𝘢𝘵𝘦𝘯. 🐟 Mei 𝙑𝙞𝙫𝙖 𝙇𝙖 𝙑𝙞𝙨 ferskynt postúm in bysûndere dichtbondel fan Eppie Dam (1953–2026), ien fan de meast wurdearre Fryske dichters fan syn generaasje. De bondel is ûntwikkele yn nauwe gearwurking tusken Eppie Dam, yllustrator Yke Reeder en foarmjouwer Monique Vogelsang.

Sûnt syn debút yn 1978 boude Eppie Dam in ymposant literêr oeuvre op. En de hege kwaliteit fan syn wurk waard dan ek ferskate kearen bekroand mei prizen.

Spitigernôch hat Eppie Dam it ferskinen fan 'Viva La Vis' sels net mear meimeitsje kind. Syn libbenspartner Lienke Boot seit dêroer: "It is in geweldich moai boek en Eppie soe hjir tige grutsk op wêze. Hy hat gelokkich wol sels oant op it lêst de puntsjes op de i sette kind.”

Mear ynfo en bestelle? ➡ www.afuk.frl / https://websjop.afuk.frl/frl/winkel/viva-la-vis-fiskgedichten-yn-soarten-maten-en-moaten-ferskynt-1-augustus-2026/

It duorret noch efkes, mar op sneon 12 septimber is it wer tiid foar Uit in Huis!🎉 De fergeze iepen dei fan keunst en ku...
05/08/2026

It duorret noch efkes, mar op sneon 12 septimber is it wer tiid foar Uit in Huis!🎉 De fergeze iepen dei fan keunst en kultuer yn Ljouwert. Komst ek?

De Afûk fynst dy middei by ús buorlju Tresoar (Boterhoek 1), mei boekferkeap en in superleuke Tys&Teske-foarlês-speurtocht! 📖🥰📚🔎
📆Set 'm alfêst yn 'e aginda en sjoch op www.uitinhuis.nl foar it hiele programma.

Ek foar augustus ha wy wer in frisse nije 𝗕𝗼𝗲𝗸𝗲𝗧𝗜𝗣𝟭𝟬 gearstald!Mei dêryn ûnder oaren: it nijste boek fan Eppie Dam: 𝑽𝒊𝒗𝒂...
03/08/2026

Ek foar augustus ha wy wer in frisse nije 𝗕𝗼𝗲𝗸𝗲𝗧𝗜𝗣𝟭𝟬 gearstald!
Mei dêryn ûnder oaren: it nijste boek fan Eppie Dam: 𝑽𝒊𝒗𝒂 𝒍𝒂 𝑽𝒊𝒔🐟 EN..... 🥁 It earste 𝒇𝒐𝒂𝒓𝒍ê𝒔𝒃𝒐𝒆𝒌 𝒇𝒂𝒏 𝑻𝒚𝒔 & 𝑻𝒆𝒔𝒌𝒆! 🥰🎉 (𝘍𝘦𝘳𝘴𝘬𝘺𝘯𝘵 𝟣𝟩 𝘢𝘶𝘨𝘶𝘴𝘵𝘶𝘴, 𝘮𝘢𝘳 𝘪𝘴 𝘯𝘰 𝘢𝘭 𝘵𝘦 𝘣𝘦𝘴𝘵𝘦𝘭𝘭𝘦𝘯.)

Alle boeken fynst yn ús websjop!
https://websjop.afuk.frl/nl/producten/afuk-boeketip-10/

𝑱𝒖𝒓𝒋𝒆𝒏 𝑵𝒐𝒐𝒓𝒍𝒂𝒏𝒅𝒆𝒓 𝒔𝒕𝒖𝒅𝒆𝒂𝒓𝒓𝒆𝒕  𝑮𝒆𝒏ê𝒔𝒌𝒖𝒏𝒅𝒆 𝒐𝒂𝒏 '𝒆 𝑹𝑼𝑮 - 𝙃𝙤𝙚 𝙥𝙧𝙖𝙩𝙚 𝙙𝙤𝙠𝙩𝙚𝙧𝙨 𝙢𝙚𝙞 𝙥𝙖𝙨𝙟𝙞𝙣𝙩𝙚𝙣? *𝘺𝘯𝘵𝘦𝘳𝘷𝘪𝘦𝘸 𝘍𝘳𝘺𝘴𝘬 𝘺𝘯 '𝘦 𝘴𝘰𝘢𝘳𝘤𝘩*Jur...
21/07/2026

𝑱𝒖𝒓𝒋𝒆𝒏 𝑵𝒐𝒐𝒓𝒍𝒂𝒏𝒅𝒆𝒓 𝒔𝒕𝒖𝒅𝒆𝒂𝒓𝒓𝒆𝒕 𝑮𝒆𝒏ê𝒔𝒌𝒖𝒏𝒅𝒆 𝒐𝒂𝒏 '𝒆 𝑹𝑼𝑮 - 𝙃𝙤𝙚 𝙥𝙧𝙖𝙩𝙚 𝙙𝙤𝙠𝙩𝙚𝙧𝙨 𝙢𝙚𝙞 𝙥𝙖𝙨𝙟𝙞𝙣𝙩𝙚𝙣? *𝘺𝘯𝘵𝘦𝘳𝘷𝘪𝘦𝘸 𝘍𝘳𝘺𝘴𝘬 𝘺𝘯 '𝘦 𝘴𝘰𝘢𝘳𝘤𝘩*
Jurjen sit yn it earste jier fan syn oplieding en hat lêsten op oriïntaasjestaazje west yn it Frisius Medisch Centrum yn Ljouwert. Jurjen hat in Fryske mem en in Nederlânske heit. Sadwaande praat hy thús beide talen.

Jurjen fertelt: ‘Ik ha lêsten twa wiken meirinne mochten op de ferpleechôfdieling 𝘏𝘢𝘳𝘵- 𝘦𝘯 𝘷𝘢𝘢𝘵𝘤𝘩𝘪𝘳𝘶𝘳𝘨𝘪𝘦 yn it Frisius MC Ljouwert. Se tochten goed nei oer wat foar my ynteressant is om te dwaan. Sa as “wondzorg” en “drains”. Ik ha der in protte fan leard en wat taal oanbelanget: kinst en meist yn dyn memmetaal prate. Al is it ek belangryk dat je dêrmei gjin minsken bûtenslute. Dêrom altyd efkes freegje oft in pasjint it ferstean/folgje kin. Ik ha meirûn mei in Nederlânsk pratende ferpleger yn in hiel Fryske omjouwing. Hy koe it Frysk prima ferstean en dat makke dat in protte minsken prate kinne sa’t sy wolle.’🫶

It hiele ynterview mei Jurjen fynst hjir:
https://friesindezorg.frl/studzje-geneskunde-oan-e-rug/

🤳𝐃𝐞 𝐞𝐚𝐫𝐬𝐭𝐞 𝐅𝐫𝐲𝐬𝐤𝐞 𝐭𝐚𝐚𝐥𝐥𝐞𝐚𝐫-𝐚𝐩𝐩 𝐢𝐬 𝐧𝐨 𝐟𝐞𝐫𝐠𝐞𝐞𝐬 𝐭𝐞 𝐝𝐨𝐰𝐧𝐥𝐨𝐚𝐝𝐞𝐧 𝐲𝐧 𝐝𝐞 𝐚𝐩𝐩-𝐬𝐭𝐨𝐫𝐞𝐬!!📲❤ 𝐒𝐤𝐫𝐞𝐩 is bedoeld foar Nederlânsktaligen ...
15/07/2026

🤳𝐃𝐞 𝐞𝐚𝐫𝐬𝐭𝐞 𝐅𝐫𝐲𝐬𝐤𝐞 𝐭𝐚𝐚𝐥𝐥𝐞𝐚𝐫-𝐚𝐩𝐩 𝐢𝐬 𝐧𝐨 𝐟𝐞𝐫𝐠𝐞𝐞𝐬 𝐭𝐞 𝐝𝐨𝐰𝐧𝐥𝐨𝐚𝐝𝐞𝐧 𝐲𝐧 𝐝𝐞 𝐚𝐩𝐩-𝐬𝐭𝐨𝐫𝐞𝐬!!📲

❤ 𝐒𝐤𝐫𝐞𝐩 is bedoeld foar Nederlânsktaligen dy’t it Frysk leare wolle foar yn sosjale situaasjes of bygelyks foar it wurk. Mar de app is ek hiel geskikt foar begjinnende Fryskpraters dy’t harren feardichheden ferbetterje wolle.💪

🇳🇱 𝐒𝐤𝐫𝐞𝐩 is een speelse en slimme app voor iedereen die Fries wil leren of verbeteren. Of je nu net begint of al een beetje Fries spreekt, met 𝐒𝐤𝐫𝐞𝐩 oefen je op jouw niveau en in je eigen tempo.
👂👀🗣Luister, lees en spreek met leuke oefeningen rondom 10 herkenbare thema’s. Dankzij drie verschillende niveaus blijf je jezelf uitdagen én verbeteren. Op elk niveau krijg je helpende feedback en voor je voortgang verdien je punten, badges en streaks.🎉

𝙑𝙤𝙚𝙡 𝙟𝙚 𝙨𝙣𝙚𝙡 𝙩𝙝𝙪𝙞𝙨 𝙞𝙣 𝙙𝙚 𝙁𝙧𝙞𝙚𝙨𝙚 𝙩𝙖𝙖𝙡 𝙢𝙚𝙩 𝙎𝙠𝙧𝙚𝙥. 𝘿𝙤𝙬𝙣𝙡𝙤𝙖𝙙 ‘𝙢 𝙣𝙪 𝙚𝙣 𝙗𝙚𝙜𝙞𝙣 𝙢𝙚𝙩 𝙎𝙠𝙧𝙚𝙥𝙥𝙚𝙣! 📲

Provincie Fryslân

Efkes werom nei ôfrûne woansdei... Doe hiene wy in delegaasje fan de Friisk Foriining (Noardfrysk foar "Fryske Feriening...
11/07/2026

Efkes werom nei ôfrûne woansdei... Doe hiene wy in delegaasje fan de Friisk Foriining (Noardfrysk foar "Fryske Feriening") út Dútslân op besite by de Afûk. Datgrutte kulturele organisaasjes fan 'e Noardfryske minderheid yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein.
Us kollega’s Mirjam Vellinga en Sita Postma hawwe harren ferteld oer ús aktiviteiten rjochte op âlders en pake- en beppe’s, Frysk yn de Soarch en ús programma’s foar it foarskoalsk- en primêr ûnderwiis. Dat fûnen se tige nijsgjirrich!
Der wie ek noch in útdaagjende taalkwis ûnder de besielende lieding fan kollega Skelte Anema en fansels stie der ek in besite oan ús Afûk-winkel op it programma.
Tige slagge dei! Tank foar jim komst 😊

🤩𝐍𝐢𝐣𝐞 𝐅𝐫𝐲𝐬𝐤𝐞 𝐭𝐚𝐚𝐥𝐥𝐞𝐚𝐫𝐚𝐩𝐩 𝐡𝐣𝐢𝐭 𝐒𝐊𝐑𝐄𝐏 𝐞𝐧 𝐢𝐬 𝐍𝐎 𝐛𝐞𝐬𝐤𝐢𝐤𝐛𝐞𝐫 𝐲𝐧 𝐝𝐞 𝐚𝐩𝐩𝐬𝐭𝐨𝐫𝐞𝐬!🎉Mei in druk op de knop lansearre deputearre Eke ...
09/07/2026

🤩𝐍𝐢𝐣𝐞 𝐅𝐫𝐲𝐬𝐤𝐞 𝐭𝐚𝐚𝐥𝐥𝐞𝐚𝐫𝐚𝐩𝐩 𝐡𝐣𝐢𝐭 𝐒𝐊𝐑𝐄𝐏 𝐞𝐧 𝐢𝐬 𝐍𝐎 𝐛𝐞𝐬𝐤𝐢𝐤𝐛𝐞𝐫 𝐲𝐧 𝐝𝐞 𝐚𝐩𝐩𝐬𝐭𝐨𝐫𝐞𝐬!🎉
Mei in druk op de knop lansearre deputearre Eke Folkerts hjoed yn Café Neushoorn yn Ljouwert de nije Fryske taallearapp fan de Afûk: SKREP. Tagelyk mei it bekend meitsjen fan de namme, wie dêrmei ek de beskikberens fan de app yn de appstores in feit en koene de oanwêzigen fuortendaliks begjinne mei ‘skreppen’. Bysûnder oan SKREP is dat it de earste app is dy’t gebrûk makket fan avansearre AI-technology foar spraakwerkenning spesjaal foar it Frysk.

SKREP is bedoeld foar Nederlânsktaligen dy’t it Frysk leare wolle foar yn sosjale situaasjes of bygelyks foar it wurk. Mar de app is ek hiel geskikt foar begjinnende Fryskpraters dy’t harren feardichheden ferbetterje wolle.
Sita Postma, projektlieder en haad ûnderwiis by de Afûk: “Mei de app kinne minsken op in leechdrompelige wize yn ’e kunde komme mei it Frysk. Sa wolle wy de taal fitaal hâlde. De app kin in smaakmakker wêze foar in besteande kursus Frysk, mar kin ek wurkje as opfrisker by of nei in kursus.”

𝗦𝗞𝗥𝗘𝗣 - 𝗱𝗲 𝗹𝗲𝘂𝗸𝘀𝘁𝗲 𝗙𝗿𝘆𝘀𝗸𝗲 𝘁𝗮𝗮𝗹𝗹𝗲𝗮𝗿𝗮𝗽𝗽!
It meitsjen fan in taallearapp is ien, mar in goede, passende namme betinke is noch wer in fak apart. Der folgen brainstoarmsesjes en allerhanne minsken waarden frege om der ris oer nei te tinken. Postma: ““It is SKREP wurden. Yn ’t foarste plak om’t dat rimet op 'Fryske taallearapp', mar ek fanwege de betsjutting fan it tiidwurd 𝙨𝙠𝙧𝙚𝙥𝙥𝙚: dat betsjut iverich en mei ynspanning wurkje. Dêrneist hat SKREP de typysk Fryske kombinaasje fan de letters ‘skr’ en is it wurd út te sprekken foar elkenien, ek foar net-Frysktaligen.”

👉Dus, skrepsto jûn ek? 😁
De Fryske taallearapp SKREP is fan hjoed ôf fergees te downloaden yn de appstores!

𝘋𝘦 𝘳𝘦𝘢𝘭𝘪𝘴𝘢𝘢𝘴𝘫𝘦 𝘧𝘢𝘯 𝘥𝘦 𝘵𝘢𝘢𝘭𝘭𝘦𝘢𝘳𝘢𝘱𝘱 𝘪𝘴 𝘮𝘦𝘪 𝘮𝘰𝘰𝘨𝘭𝘪𝘬 𝘮𝘢𝘬𝘬𝘦 𝘵𝘳𝘰𝘤𝘩 𝘪𝘯 𝘧𝘪𝘯𝘢𝘯𝘴𝘫𝘦𝘭𝘦 𝘣𝘺𝘥𝘳𝘢𝘨𝘦 𝘧𝘢𝘯 𝘥𝘦 Provincie Fryslân .

Foto's: Jaap Schaaf | Fotobureau Hoge Noorden

𝐓𝐰𝐚 𝐅𝐫𝐲𝐬𝐤𝐞 𝐟𝐨𝐚𝐫𝐝𝐫𝐚𝐜𝐡𝐭𝐞𝐧 𝐟𝐨𝐚𝐫 𝐝𝐞 𝐈𝐁𝐁𝐘 𝐇𝐨𝐧𝐨𝐮𝐫 𝐋𝐢𝐬𝐭 𝟐𝟎𝟐𝟔☺️Grutsk! 🤩 Twa boeken fan Utjouwerij Afûk hawwe in fermelding krig...
09/07/2026

𝐓𝐰𝐚 𝐅𝐫𝐲𝐬𝐤𝐞 𝐟𝐨𝐚𝐫𝐝𝐫𝐚𝐜𝐡𝐭𝐞𝐧 𝐟𝐨𝐚𝐫 𝐝𝐞 𝐈𝐁𝐁𝐘 𝐇𝐨𝐧𝐨𝐮𝐫 𝐋𝐢𝐬𝐭 𝟐𝟎𝟐𝟔☺️
Grutsk! 🤩 Twa boeken fan Utjouwerij Afûk hawwe in fermelding krigen op de IBBY Honour list 2026. It giet om it printeboek 𝘼𝙣𝙩𝙤𝙣 𝙮𝙣 𝙞𝙩 𝙢𝙪𝙨𝙚𝙪𝙢 fan Mirjam van Houten en de Fryske oersetting fan 𝘿𝙚 𝙒𝙪𝙧𝙙𝙨𝙠𝙖𝙩 troch Tjitske van Dijk.👏

Dy Honour List fan de IBBY (𝘐𝘯𝘵𝘦𝘳𝘯𝘢𝘵𝘪𝘰𝘯𝘢𝘭 𝘉𝘰𝘢𝘳𝘥 𝘰𝘯 𝘉𝘰𝘰𝘬𝘴 𝘧𝘰𝘳 𝘠𝘰𝘶𝘯𝘨 𝘗𝘦𝘰𝘱𝘭𝘦) is in ynternasjonale, twajierlikse seleksje fan resint publisearre boeken fan hiel hege kwaliteit. Ta eare fan skriuwers, yllustratoaren en oersetters út de lannen dy’t by IBBY oansletten binne. 🫶
De list jout in ynsjoch yn it bêste wat elk lân te bieden hat oan berne- en jeugdliteratuer. IBBY-Nederlân draacht sawol Frysktalige as Nederlânsktalige skriuwers en oersetters foar de Honour List foar.

IBBY International Board on Books for Young People

Mear ynfo: https://www.ibby.org/awards-activities/awards/ibby-honour-list/ibby-honour-list-2026

Adres

Boterhoek 3
Leeuwarden
8911DH

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer Afûk nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Contact

Stuur een bericht naar Afûk:

Delen